Tryater – Wat jo wolle

tryater.nl

Vrijdag 10 november, aanvang voorstelling 20:00 uur.
Entree €16 p.p, korting voor freonen fan Tryater (op vertoon van pas) en 65+.

Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: De ideale teaterjûn! Fjouwer akteurs besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol.
It publyk kin foarôf oanjaan wat it graach sjen wol; de akteurs sille it grif spylje.

Ynspirearre troch alle opfettingen en ideeën fan it publyk sykje de fjouwer akteurs nei de yngrediïnten foar de ideale teaterjûn. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. It wurdt firtuoas, lykas in revu dêr’t fan alles yn foarby komt. En as it oan ús leit, komt dy ferlotting (mei ‘fette’ prizen) yn it skoft der ek.
U kunt uw kaarten rechtstreeks bij Tryater bestellen via hun website www.tryater.nl of een mail sturen met uw naam en het aantal kaarten dat u wilt reserveren via: email hidden; JavaScript is required.