De Sminkdoaze ‘Ien Fleach oer it Koekoeksnest

In stik skreaun nei it bekende boek fan Ken Kesey út 1962.
It stik spilet him ôf yn in deiferbliuw fan in psychiatryske ynrjochting ûndertafersjoch fan twa ferpleechsters en in, sa nou en dan, observearjende dokter. Pasjinten bringe dêr de tiid troch elk yn harren eigen wrâld. Alles feroaret mei de komst fan in nije pasjint. Dizze spot mei alle foarskriften en regels, hat it mier oan gesach. Foar de oare pasjinten hat dat ek gefolgen:
de regelmaat fan alledei is fier te sykjen en de sleur wurdt behoarlijk trochbrutsen.