Tsjoch konsert Melle en Jelle ‘Harkankjes mei humor’

Gjin intree mar in frijwillige bydrage yn de pet is hiel wolkom.

Melle H. Leegstra (Jistrum) en Jelle Visser (Tijnje) foarmje in duo op projektbasis. Melle spilet en sjongt al ferskate jierren solo mar sûnt 2013 dus ek gauris mei syn neef Jelle. Melle skriuwt lietsjes, sjongt en spilet gitaar. Jelle leit in basis mei syn basgitaar en springt no en dan efkes lekker solistisch út’e bân. Sy spilen earder ûnder oaren op Tsjong jûnen yn Aldegea, stiene yn 2014 op de Willedei yn Wynjewâld, yn 2015 op it Easterbarren yn Eastermar en yn 2016 op de Peije Dei yn Drachten. Jelle spilet ferskate ynstruminten mar leit him op it meast ta op de basgitaar. Wer’t Melle graach foaroan stiet, stiet Jelle leaver wat op de eftergrûn. Mar syn ynbring jout in ekstraatsje oan de Fryske lietsjes fan Melle. Sa wurke hy ek mei oan Melle syn lêste CD ‘Moarn’. De lietsjes dy’t de beide mannen foar it fuortljocht bringe, neame se sels ‘harksankjes mei humor’. Derom reden genoch om te kommen harkjen nei dizze 2 mannen! Wês wolkom!

We hopen van harte jullie ook dit seizoen in ons mooie Heechhûs te begroeten!
De activiteitencommissie:
Anja Andringa, Jan Buwalda, Theo Speerstra, Jannie ter Braake, Robert Bakker en Joke Broersma.