Tryater – Heimwee nei Hurdegaryp A trip down memory lane

Kaart Heeg 20-03Heimwee nei Hurdegaryp is wer werom! Nei suksesfolle foarstellingen op Oerol en yn eigen gebou, reizget Tryater no mei it stik troch Fryslân. Méi nei ôfrin Café Heimwee, om it gefoel fan doe noch éven fêst te hâlden…..De rook fan krekt meand gers, it roppen fan bern op it skoalplein, it geloksgefoel fan sleatsjespringe, beltsjedrukke, in ferske fan BZN: Hoe is it om de ferlerne tiid op ‘e nij mei te meitsjen? Om wei te wurden yn swiete oantinkens, pynlik langstme en de wyn waaie te litten as yn de tiid fan doe.

heimwee

Heimwee nei Hurdegaryp hellet in ferline út inoar dat inkeld noch mar bestiet as in tizeboel fan tinzen. Twa akteurs sette alle sintugen iepen, litte alle wissichheid los en ferkenne de úteinen fan har bewustwêzen. Mar binne oantinkens eins wol betrouber? Hoe wie it ‘echt’? In nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel, dêr’t werklikheid, oantinken, dream en yllúzje yn troch elkoar rinne.

‘Oerolpareltje’- De Volkskrant ‘It ûnderwerp – weromlangje nei de bernetiid – is fansels al mear troch teatermakkers as ûnderwerp nommen, mar noch nea earder yn sa’n fraaie, Fryske, plattelâns-oerferzje’ – LC

Regy en konsept Tatiana Pratley spul Lourens van den Akker en Eelco Venema foarmjouwing Janne Sterke muzyk Hilbrandt. Foar dizze foarstelling is der beheind plak. Reservearje is mooglik; info@itheechhûs.nl 0515-442593

Snein 20 maart   oanf. 15.30    kaarten: 14,-/12,50/10,-(normaal,freonen/65+,CKV/CJP)