Theo Smedes yn de teaterfoarstelling Jimmy Costello.

jimmycostelloIt ferhaal fan Jimmy Costello spilet him ôf yn Nij-Seelân yn de jierren ’50. Jimmy is in autodief dy’t syn karriêre ûnskuldich begjint mei it stellen fan molkejild, mar troch syn lettere dieden meardere kearen yn ‘e finzenis belannet én ûntsnapt. Hy wit dêrmei dagen oant wiken út de hannen fan de plysje te bliuwen en kriget dêrtroch de sympaty fan it folk, mar just troch syn heldestatus stiet him úteinlik in swiere straf te wachtsjen.

Yn Jimmy Costello nimt Theo Smedes (bekend fan De Emigrant) je mei yn de humoristyske en aventoerlike perioades fan it libben fan Jimmy, mar lit hy je ek meifiele yn de tsjustere krochten fan it finzen wêzen. It stik is in Frysktalige teatermonolooch dy’t oarspronklik skreaun is troch de Nij-Seelânse skriuwer Tim Balme en basearre is op wierbarde feiten. Yn dizze foarstelling nimt de betsjutting fan frijheid en it ûntflechtsjen fan ferantwurdlikens in sintraal plak yn. Hoe fier kin immen gean yn it nimmen fan frijheden en hoe reagearret it kollektyf hjirop?

Trialer Jimmy Costello.

Freed 26 febrewaris     oanfang  20.00 oere   yntree 15,00 euro    reserf: 0515-442593