Tsjochkonsert mei Desert Snow en Dixie Doodle.

desert snow

It duo Desert Snow bestiet út Dirk Nieuwenhuis (gitaar en sang) en ‘âld Heechse’ Sjoukje de Hoop (fioele en sang). Sy spylje benammen Ierske en Fryske folk(s)muzyk sawol ynstrumintaal as mei sang, tradisjoneel as moderne folk, ballades út ‘e popmuzyk as yn ‘e klassike sfear.

Dixie Doodle is in kollektyf muzikanten dy’t in passy foar de muzyk diele. Se kieze foar it akoestysk repertoire; swingend spile en mei skerpe gearsang. Tradysjonele folksmuzyk, eigen wurk en lieten fan ûnder oaren Old Crow Medicin Show, Bob Dylan, Neil Young en Steve Earl wurde mei in oanstekkend entûsjasme brocht.

Sneintemiddei 10 jan.    Trije oere.       Gjin yntree, in it skoft geane wy mei de pet rûn