Fryske jûn mei Jaap Louwes en Anne Feddema

Foto Jaap LouwesJaap Louwes is al jierren dwaande mei syn eigenmakke ferskes. Hy lit im oeral hearre fan feesttinte en strjitte oant kroech en teater. Fan 1986-1992 is hy lid fan de group Bricquebec. Mei dizze groep makke hy de lp “Ik doch’t moarn wol!” en de cd “Lit us mar rinne”. Begjin 90-er jierren wurke Louwes mei oan in jeugd-produksje fan Tryater “De Lytse Seemearmin” en in it teaterprgramma fan Bennie Huisman en Frederike Kleefstra. Hjirby goed troch de mostert helle giet hy troch mei syn belangrykste activiteit: it meitsjen fan ferskes en optrede. Yn 1995 ferskynt de CD “Skobberdebonk” mei u.o. “De Waldwei” en seis jier letter de CD “Fratsen”. Fanôf 2003 makket hy geregeldwei my Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Doede Veeman in oantal ”trubadoersjunnen”. Yn 2008 docht Jaap mei oan it “de Partisanen”-Cohen yn it Frysk projekt. En hoe fierder? It betinken fan ferskes, it tarieden fan in folgende CD en it optreden giet troch; Lústerje bygelyks nei it nummer ‘De memmen by it stek’.

Anne Hendrik Berend Feddema is berne in Ljouwert dêr’t der no ek noch wennet en wurket. Hy wûn in 2007 de ‘Margaretha de Heerprijs voor Cultuur van de gemeente Leeuwarden’, foar syn sklilderskeunst en in 2009 de Gysbert Japicxpriis (de heechste erkenning foar Fryske literatuer fan de provinsje Fryslân) foar syn bondel ‘Reidhintsje op ‘e Styx’.

Skúnpútsersgúd is un bloemlezing úte ferhaaltsjes die Anne Feddema in 1985-1991 en 2002-2006 wekeleks foorlas op Omrop Fryslân. Anne Feddema, hij hoefde sien neus mar bútene deur te steken, of de humor, fakens de mankelike kant ut naast, lei op straat. Of innet kafee, waar de stof oek fooret griepen leit. In dat opsicht is ie de Leewadder evenknibbel fan Simon Carmiggelt, al gaatie dan meest niet stil innen hoekje bij ut raam sitten om de mênsen te obstrerferen, maar houdtie derfan om midden inne branning te staan.(Pieter de Groat).

Sneon 3 oktober.                   Oanfang healwei njoggenen.                      Yntree 8,00