Tryater – Thúsfront

Tryater-Thusfront

Trije jongens nimme ôfskied fan harren thús, de âlden swaaie de jonge beropsmilitairen út… Sa’n momint hat ynfloed op de ferhâlding tusken âlden en bern. As in bern bygelyks kiest foar in baan yn it bûtenlân, is dy feroaring en dêrmei ek de ynfloed op it gesin, grut, mar as in bern kiest foar in militêr bestean, hat dat noch folle mear ympakt. En as it dan ek noch útstjoerd wurdt nei in oarlochsgebiet dan stiet it gesin op ‘e kop. Yn folle rapper tempo as gewoanwei moatte se it loslitte. En altyd spilet dy sintrale fraach: wêr is it goed foar en is it de muoite wurdich?

Thúsfront is in stik oer it loslitten fan bern. Heit en mem steane sintraal. Wat bart der mei har as in bern kiest foar in militêre karriêre en as soldaat yn in oarlochssituaasje telâne komt? Hoe giet de famylje om mei al dy ûngerêstens en ûnwissens, mar ek bewûndering en grutskens? As de jonges wer thúskomme docht bliken dat se te gau fan in bern in folwoeksene wurden binne. De jonges binne mannen wurden. It bern mei dan wer thús wêze, as heit en mem bist it kwyt. De ynfloed en it effekt fan dy kar op it libben, tinken, dwaan en litten fan heiten en memmen, dêr giet Thúsfront oer.

Skriuwer Romke Toering hat yn de ôfrûne jierren oan in protte keukentafels sitten om de ferhalen fan âlden te hearren en op te tekenjen. De keukentafel is it plak dêr’t in soad famyljesaken en ûnderwerpen bepraat wurde. No mei it publyk oanskowe en de persoanlike ferhalen fan âlden en bern fan tichtby meimeitsje. Thúsfront is yn it foarige seizoen – as in teatrale lêzing – presintearre yn de Sneak Previews. Dat rôp in protte waarme reaksjes op, ek fan minsken sûnder bern as militêr.

Info: Tryater

Trailer: http://youtu.be/LoudZqkk0qg