AKTIVITEITEN KOMMISJE IT HEECHHÛS SPILET ‘TWA’

twaposterA5Fan Jim Cartwright, oersetting fan Romke Toering. It toanielstik “Twa “ spilet yn de herberch fan Klaas en Jantsje van der Zee, oan de taap sitte ornaris net folle gasten. Troch de wike sa’n  seis, sân, dan hâldt it wier wol op en faakentyds binne it dan ek noch de fêste klanten. Jo witte wol, klanten  dy’t elkenien kent, en sels as jo der net bliid mei binne, harren altyd temjitte komme as wienen it jo bêste freonen. Yn dizze omjouwing fiele jo je as publyk dan ek suver fertrouwd en eigen. Op dizze jûn sit de kroech grôtfol, it komt harren suver oer it mad. Dus de mouwen opstrûpt , de kop derfoar en oan de pomp, soene jo sizze.

Mar no ferrint de gearwurking tusken Klaas en Jantsje net altyd even linich as maklik, beide ha krewearjen om elkenien op tyd in slokje as in hapke te bringen en dat jout de nedige spanning. Op sokke jûnen treffe jo dan ek noch altyd lju dy’t oan de bar skowe om dêr har eigen ferhaal te fertellen. Minsken dy’t even bykomme ûnder it genot fan in lekker gleske bier, oaren om har eigen ego goed sjen te litten. Somtiden ha jo begrutsjen, soms de teannen krom yn de skuon, oaren slute jo fuortendaliks yn jo hert. Hawar, Klaas en Jantsje ha in drokke jûn en ek sy hawwe  har eigen ferhaal.

 

De ploech dy’t gearstald is út minsken út ús eigen doarp spylje dit stik mei in protte nocht en wille, foar my as regisseur wie it opnij in foarrjocht om hjir oan mei te wurkjen. Ik winskje jim allegearre dan ek mei út namme fan de ploech in moaie jûn ta yn ús eigen Heechhûs.

Elske Roorda

TWA wurdt spyle troch: Sonja Leenstra, Rein Leenstra, Annemieke Reykers, Griet Grondsma, Rinus Grondsma, Cor Flapper, Herman van der Pol, Sybout Jaarsma, Padmini Schotanus en Piet Teerenstra

Freed 13 en sneon 14 mrt. én freed 20 en sneon 21 mrt. yn It Heechhûs yn Heech  oanfang 20.00 oere  tagong 10,00 euro (ynkl. kopke koffie as tee) Om’t it stik in de foyer fan It Heechhûs spile wurdt, is der foar in foarstellingsjûn beheind plak. Dêrom is it oan te rieden kaarten yn it foar te keapjen. De foarferkeap is allinne mooglik yn It Heechhûs op freed 6 maart fan 15.00 oant 16.30 oere  en fan 19.30 oant 21.00 oere.

twaposterA5achter