Snein 2 Febrewaris, Oanfang: 15:00 oere
BAUKE en GREETJE, broer en suster, sjonge sûnt 1976. Se hawwe yn it ferline 2 lp’s makke, “Alwer in Fries” en “Reinbôge” en de cd “Wier”. Yn maart 2012 is harren cd “Stil” útkommen.
Se sjonge hast allegear eigenmakke, sawot allegear Fryske ferskes. Ferskes, dy’t faak wat autobiografysk hawwe, mar wol hiel werkenber en tagonklik binne.
Ferskes, dy’t it foaral fan de tekst ha moatte, dus ferskes om echt nei te lústerjen..
OUDEGA & DEGROOT. Dit opmerklike duo spilet ‘Frisse Fryske Muzyk’. Se meitsje oanstekkelike ferskes diet graach troch it publyk meisongen wurde mar ek ballades en leafdeslietsjes.
De mannen brûke tradisjonele snaarynstruminten mar oars as oars! De Groot spilet mei in slide op syn ‘lyste gitaarke’ (mandoline). Oudega makket fan syn gitaar in drumstel en spilet mei in spesjaal plektrum om’e tûme. Ast bekeuringen krije koest foar ‘te hurd spyljen’ wie ‘De Groot’ al lang fallyt west. Wat hy docht op syn mandoline is mei it each bytiden net te folgjen.
Wolst meisjonge mei in bierke yn’e hân oft gewoan sitte, harkje en genietsje dan bist goed te plak bij Oudega & DeGroot!
Michiel Oudega: sang, gitaar en mûlharp.
Toby de Groot: mandoline, dobro.
YNTREE: € 6,00